nl
Charles Dickens

David Copperfield

Notify me when the book’s added
To read this book, upload an EPUB or FB2 file to Bookmate. How do I upload a book?
DAVID COPPERFIELD (1850) is mij fan al myn boeken it dierberst, skreau Charles Dickens sels (1812–1870). Dat hat grif te krijen mei syn eigen bernetiid, doe’t er him, krekt as syn haadpersoan David, as lyts jonkje ferret fielde troch de folwoeksenen, dy’t him beskermje moasten, mar dat net dienen.
David Copperfield is in typys boek út dy tiid, mei in bûnte samling persoanen. De strange ûngefoelige styfheit Murdstone, mar ek David syn ienfâldige bernefaam Peggotty, dy’t him har hiele libben trou bliuwt. De rike, flotte en yn it earste oankommen sympatike Steerforth, dy’t David as jongste learling op de kostskoalle ûnder syn hoede nimt, mar dy’t (wat David pas folle letter sjocht) folslein egosintrys is en oare minsken brûkt en misbrûkt. De eksintrike âldmuoike, juffer Betsey Trotwood, dy’t David letter ûnder har hoede nimt, sa’t sij ek ‘menear Dick’ ûnder har hoede nommen hat, en dêrmei rêdt fan opsluting yn it kranksinnigegesticht. Ien fan de grutste smychten fan de 19e ieu, de altyd ‘nederige’ Uriah Heep, dy fluenske fraudeur en oplichter. De meast útwrydske persoan is de deftich pratende healwize, mar toch sympatike Wilkins Micawber (baseard op Dickens syn eigen heit), de erflik yn skulden sittende, blykber foar neat dogende heit fan fjouwer bern, dy’t djip yn ’e lytse loege sittend altyd binnen de minút ien fan de meast optimistise minsken op ierde wurde kin — en oarsom. En dan de ‘lytse Em’ly’, ferlieden troch Steerforth, dy’t as ‘fallen frou’ de ferskoveling fan de mienskip wurdt, mar troch dy oare styfheit, de broer fan Peggotty, noait opjûn wurdt. En dy earme Dora, earste frou fan David, sa kreas, sa leaf, sa nayf en sa wrâldfrjemd.
En fansels David Copperfield, as tsienjierrich jonkje de hurde wrâld ynskopt, dy’t út syn geastdeadzjend wurk fuortrint en te foet fan Londen nei Dover reizget, nei syn âldmuoike, om har beskerming te freegjen, mar dy’t ek in oare lange reis ôflizze moat om lang om let ta selskennis te kommen, om einliks te beseffen watfoar frou werklik al dy tiid echt fan him holden hat: de rêstige, serene en harsels weisiferjende Agnes.
Dit bekendste boek fan de 19e ieu giet oer ferrie fan fertrouwen, it ûnthâlden fan leafde, it misbrûken fan macht oer swakkeren. Mar ek oer in sterkere macht, de macht fan suverens fan motiven en betingstloaze tawijing, tagedienens en leafde, sa’t wij dy sjogge yn de ûnferjitlike bernefaam Clara Peggotty, de âldmuoike Betsey Trotwood, de styfheit fan Em’ly, en David syn skoalkammeraat Tommy Traddles. En, yn de wurden fan Dickens sels: hoe kinne wij leare fan de earste ferkearde ynjouwingen fan ús ûnbelearde hart?
In ûnferjitlik boek.
This book is currently unavailable
1,213 printed pages
Original publication
2015
Publication year
2015
Have you already read it? How did you like it?
👍👎
fb2epub
Drag & drop your files (not more than 5 at once)