nl
Alfred Lord Tennyson

De fal fan Camelot

Notify me when the book’s added
To read this book, upload an EPUB or FB2 file to Bookmate. How do I upload a book?
DE FAL FAN CAMELOT is in syklus fan tolf ferheljende gedichten. Tennyson beskriuwt hjiryn it ferhaal fan Kening Artur, syn ridders, de Rûne Tafel en de bruorskip fan dy Tafel, syn houlik mei Ginevra (Guinevere), har leafde foar Lanselot, en de úteinlike fal fan Artur syn keninkryk. De persoan fan Artur giet mooglik werom op in lieder fan de kristlike Kelten, dyt om it jier 520 de ferovering fan de eardere Romeinske provinsje Britannia troch de heidenske Angelen en Saksen, en grif ek in tal Friezen, tydlik tsjinhold. Camelot, de stêd mei syn paleis, stiet foar in besykjen om in beskaving te stichtsjen, dyt basearre is op oarder en gesach, trou oan de lieder, it neikommen fan eden en beloften, rjocht foar elk, beskerming fan de swakkeren, hoflikens en respekt foar de oar koartsein: it stribjen om de minsk te ferheffen boppe it dierlike, it wetteleaze, it gaotyske, de macht fan de sterkste. Artur syn ryk is basearre op hege idealen, mar sels yn Camelot loert de slange fan ûntrou, jaloerskens en ferrie, dyt úteinlik Artur fataal wurdt. Mar nêst dy mislearring is der ek hoop: ienris komt Artur werom om opnij syn ryk te stichtsjen.
This book is currently unavailable
294 printed pages
Original publication
2011
Publication year
2011
Have you already read it? How did you like it?
👍👎
fb2epub
Drag & drop your files (not more than 5 at once)